Les oer Gysbert Japicx

27 okt 2014 - 10:22
  • It stânbyld fan Gysbert Japicx by de Martinitsjerke yn Boalsert

It Gysbert Japicxhûs yn Boalsert yntrodusearret in edukatyf programma foar basisskoalbern. De groepen 7 en 8 krije ûnder oare in film te sjen oer de man dy't belangryk wie foar de Fryske taal. Dêrnei folget in speurtocht troch it hûs mei ferskate opdrachten. Ta beslút skriuwe de bern op skoalle in gedicht, dat ynstjoerd wurde kin om kâns te meitsjen op de 'Lytse Gysbert Japicxpriis'.

Bern fan basisskoalle De Grûnslach út Wjelsryp nimme it nije edukaasjeprogramma woansdei offisjeel yn gebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)