Fragen oer ûngelok Wynjewâld

27 okt 2014 - 10:02

It is noch net dúdlik oft de 21-jierrige bestjoerder fan it ûngelok by Wynjewâld dronken hie. De auto botste sneintemoarn betiid op de Nije Heawei tsjin in beam en dêrby kaam in 23-jierrige ynwenner fan Wynjewâld om it libben. De plysje naam bloed ôf by de bestjoerder út datselde wenplak. It kin lykwols noch wol wiken duorje foardat dúdlik is oft er dronken hie, liet de plysjewurdfierder witte. Ek oer de tadracht fan it ûngelok kin de plysje noch neat sizze.

Nei it spoare-ûndersyk binne noch in tal fragen. De plysje hopet dat de tredde ynsittende fan de auto, in 21-jierrige man út Hoarnstersweach, hjir antwurd op jaan kin. Dizze man leit noch mei swiere ferwûnings yn it UMCG yn Grins en kin noch net heard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)