Plysje pakt 'snorder' op

27 okt 2014 - 09:40

Yn Beetstersweach hat de plysje sneontenacht in 51-jierrige ynwenner fan Drachtsterkompenije oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er as 'snorder' wurke, oftewol as taksy ride sûnder in fergunning. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

In soad stappers yn Drachten meitsje gebrûk fan taksys. De lêste jierren komt it faker foar dat snorders aktyf binne en dêrom kontrolearret de plysje ekstra op dizze foarm fan yllegaal persoaneferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)