"Ynhieren eksternen kwealik"

27 okt 2014 - 07:47
  • Jouke Douwe de Vries, Dongeradiel Sociaal

Gjin ferheging fan de ôffalstoffeheffing en ekstra jild foar it behâld fan It Bolwurk yn Dokkum. Dat stiet yn de alternative begrutting dy't Dongeradiel Sosjaal yntsjinnet by de ried. De partij draait de foarstelde besunigings op gemeentlike ynstellings en it swimmen foar bern fan minsken mei in útkearing werom. Ek komt der mear jild foar jeugdpartisipaasje en kulturele aktiviteiten.

De partij wol flink besunigje op it ynhieren fan ekstern personiel troch de gemeente sels, dat goed 1 miljoen kostet. De partij neamt it in "tige kwealik saak".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)