Fermiste frou út Assen fûn
De 54-jierrige frou út Assen dy't sûnt 14 oktober fermist waard, is sneintemiddei fûn meldt de plysje. De frou waard yn har auto oantroffen, dy't yn it kanaal by Taarlo yn Drinte fûn waard. De frou is ferstoarn.
Earder frege de plysje oan minsken om út te sjen nei de frou. Se soe ek yn Fryslân wêze kinne, tocht de famylje, mar dat wie dus net it gefal.