Romme oerwinning UNIS Flyers

27 okt 2014 - 06:00

De iishockeyers fan de UNIS Flyers pakten snein in 5-1 oerwinning yn de bekerwedstriid op Geleen Eaters. Yn Limboarch sette Dax van der Velden de Feansters al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Levi Houkes makke binnen it kertier de 2-0. Travis Bobbee ferromme de marzje yn de earste perioade nei 3-0.

Yn de twadde perioade soarge Josh Prudden foar de fjirde Feanster treffer. Geleen Eaters mocht foar de earetreffer tekenje, wêrnei't Ronald Wurm de einstân yn de tredde perioade op it boerd sette.

De ploech fan trainer Chris Eimers nimt it woansdeitejûn thús op tsjin Tilburg Trappers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)