Trekkerûngelok by Nij Beets
In ynwenner fan Nij Beets is sneintemiddei ferwûne rekke doe't er in trekkerbân oan it ferwikseljen wie. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de man ûnder de bân telâne. De traumahelikopter waard ynsetten, de man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.