Kollumer ferljochting fernield

26 okt 2014 - 12:28

Yn Kollum is yn de nacht fan sneon op snein de strjitferljochting oan de Foarstrjitte fernield. De plysje hat fiif fertochten oanhâlden, it giet om trije manlju út De Pein, 23-jierrige man út Kollum en in frou fan 21 jier út Grins. Hoarekaportiers hiene sjoen dat se tsjin ljochtmêsten oantrapen. Se warskôgen de plysje. Dy hat de fiif meinaam foar ferhoar. Der wurdt noch ûndersocht hoefolle ljochtmêsten stikken gien binne.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)