Goemaat wint Kabaret Festival

26 okt 2014 - 12:21

Kitty Goemaat hat dit jier it Ljouwerter Kabaret Festival wûn. De finale wie sneontejûn yn de Bres yn Ljouwert. Goemaat mei no takom jier in optreden jaan yn dit teater. Klaas Prins wûn de publykspriis. It wie de tredde edysje fan it Ljouwerter Kabaret Festival. Takom jier wurdt it op in oare lokaasje holden. De Bres is te lyts wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)