Winkelrút ynslein yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein twa ynwenners fan Drachten fan 19 jier en in 22-jierrige man fan it Hearrenfean oanholden. De trije hiene op de Zuidkade yn Drachten in etalaazjerút fan in winkel stikken slein. In tsjûge warskôge de plysje. Dy koe de manlju oppakke.
De Feanster reagearre agressyf, hy bedrige en misledige meardere plysjeminsken. De trije fertochten sitte fêst op it plysjeburo.