Earste ferlies follybal Snits
De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn foar it earst dit seizoen harren wedstriid ferlern. Set Up '65 wie yn de Snitser sporthal mei 3-2 te sterk. De earste twa sets gongen mei 25-23 nei de ploech út Ootmarsum.
De froulju fan trainster Petra Groenland kamen dêrnei better yn de wedstriid. Mei in 25-21 en 25-18 winst moast de fiifde set de beslissing bringe. Dy waard geweldich spannend, mar Set Up luts mei 20-18 oan it langste ein.