Kooiman wint 'ûngeloksmaraton'

De twadde maraton fan it seizoen op it iis fan Thialf sneontejûn giet de boeken yn as in wedstriid mei twa grutte ûngelokken. Martin van de Pol út Amerongen rekke belutsen by in fal, wêrby't al syn spieren, slachieren en senuwen achter de knibbel trochsnien waarden. By de froulju rekke Jane Ravestein ferwûne nei in fal, sy bruts in wervel en is ek yn it UMCG operearre. Fansels wie der ek in winner. Erik Jan Kooiman út Lekkerkerk waard de ferrassende, mar terjochte winner. Hy slagge der yn om it peloton trije kear te dûbeljen.
Bob de Vries fan De Haule waard yn dit spektakel twadde en nimt it oranje liederspak oer fan syn ploechmaat Jorrit Bergsma. By de froulju gong de winst nei Irene Schouten fan Andijk. Mariska Huisman fan West-Graftdijk waard twadde, Janneke Ensing fan Gieten tredde.