Tinga rapste by Wintertriatlon

© ANP
Triatlete Yvonna Tinga fan Boalsert hat sneon de Wintertriatlon op 'e sprintôfstân yn Assen op har namme skreaun. Tinga wie de rapste yn in tiid fan 1 oere, 24 minuten en 21 sekonden. Dêrmei wie se flink rapper as de nûmer twa Janita Crediet út Nieuwleusen. By de manlju pakte Robert Beute de winst yn syn eigen wenplak. Bêste Fries wie Jacob Van der Ploeg út Damwâld op it alfde plak.
De lange edysje waard wûn troch Teun Sweere. Tiedo Tinga waard sânde. By de froulju wûn Roos Hoogeboom. Geke Venema fan Easterlittens waard tredde.