ONS pakt punt tsjin HHC: 2-2

25 okt 2014 - 16:54
  • Rolf Dijk
  • Martijn Roosenburg (argyffoto)
  • Curty Gonzales

ONS Boso Snits helle sneon in punt út it 2-2 lykspul tsjin HHC. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers al nei 4 minuten op efterstân. In te koarte weromspylbal waard troch de gasten út Hardenberg fuort ôfstraft. Fiif minuten letter stiet ek de 2-0 foar HHC op it boerd. Ale de Boer tekene yn de 33e minút foar de oanslutingstreffer.

Nei rêst foarkaam keeper Landlust mei in goede rêding de 3-1, wêrnei't Rolf Dijk de lykmakker binnenskeat yn de 52e minút. Nettsjinsteande de kânsen oan beide kanten, wist gjin fan de partijen de winst te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)