Zwart wint earste EK-wedstriid

Erwin Zwart © awfoto.nl
Kuorballer Erwin Zwart helle sneontemiddei op it EK kuorbal yn it Portugeeske Maia yn de earste wedstriid mei it Nederlânske team in romme 38-14 oerwinning tsjin Dútslân. Oranje hie gjin inkele muoite mei de tsjinstanner. By it skoft stie der al in komfortabele 17-5 foarsprong op it boerd.
Nei rêst rûn de ploech fan bûnscoach Wim Scholtmeijer fierder út nei in romme oerwinning. Erwin Zwart, spiler fan LDODK fan De Gordyk, wie yn syn Oranje-debút goed foar sân treffers.