Bûtenpost moat wer brûze

25 okt 2014 - 15:50
  • De Foarstrjitte fan Bûtenpost is flink oanpakt

Yn Bûtenpost is sneon de fernijde Foarstrjitte offisjeel iepene troch boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen. Bûtenpost soe neffens him folle mear in regiofunksje krije moatte en de opknapte winkelstrjitte soe dêr de oanset foar wêze kinne. Dy regiofunksje is de lêste jierren geandewei oernommen troch Surhústerfean.

De Foarstrjitte rint dwers troch Bûtenpost en splitst it doarp letterlik yn twaen. By de opknapbeurt is it noadige dien oan de ferkearsfeiligens. De reaksjes op de fernijde winkelstrjitte binne posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)