Fiifde kear kleanbeurs It Fean

Yn Hurdegaryp is ek in kleanbeurs holden
De kleanbeurs op It Hearrenfean belibbet dit wykein in lustrum. Foar de fiifde kear kinne froulju brûkte klean omruilje foar twaddehâns klean fan oare besikers. De ôfrûne fjouwer edysjes fan dizze beurs wiene in sukses, mei mear as hûndert dielnimmers. Sy krije punten foar de klean dy't se ynleverje. Hoe weardefoller de klean, hoe mear punten. Dizze punten kinne se wer 'útjaan' op de beurs.
De ruilbeurs is in pear jier lyn oerkaam út Amsterdam en yntusken ek op ferskate plakken yn Fryslân in suksesfol evenemint wurden.