Twadde Sûnensmerk yn Droegeham

Om de grypprik ûnder de oandacht te bringen by de ynwenners fan Droegeham organisearre húsdokterspraktyk Prins en Poos freed foar de twadde kear in Sûnensmerk. Njonken de prik koene minsken dêr ynformaasje krije oer sûn iten, beweging en falprevinsje. Ek koenen besikers meidwaan oan in lytse sûnenstest.
De merk is in grut sukses. Njonken de 350 útnoege minsken foar de grypprik, kamen noch hûnderten minsken lâns op de merk. De húsdokters wolle op dizze wize harren pasjinten yn de kunde komme litte mei oare soarchferliners út de regio.