Steuring brêge Ofslútdyk

Lorentzslûzen © ANP
Automobilisten op de A7 kamen freedtemiddei by Den Oever yn de file om't de brêge by de Stevinslûzen yn de Ofslútdyk in koart skoftke tiid net mear ticht woe. Dat hie te krijen mei in technyske steuring. De A7 wie yn beide rjochtingen ôfsletten.
Hoewol't de steuring oplost waard, moast it ferkear noch lang rekken hâlde mei flinke fertraging. Dy koe oprinne oant in oere.