Aldehou lûkt 25.000 besikers

24 okt 2014 - 16:11

De Aldehou mocht freed de 25-tûzenste besiker fan dit jier ferwolkomje. Ferline jier kamen noch 22-tûzen besikers nei de skeane toer fan Ljouwert. Neffens behearder Histoarysk Sintrum Ljouwert witte hieltyd mear toeristen út binnen- en bûtenlân de Aldehou te finen. Dat is mei te tankjen oan in marketingkampanje en rommere iepeningstiden. Sûnt april dit jier is de toer sân dagen yn 'e wike iepen.

Sneon is de Aldehou foar it lêst fan binnen te besjen by de Nacht fan de Nacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)