Bewennersaksje tsjin leechstân

24 okt 2014 - 15:49
  • Bewenners fiere aksje tsjin de leechstân yn it winkelsintrum
  • Mei teksten litte de bewenners merke wat se fan de situaasje fine

Bewenners fan de Ljouwerter Frijheidswyk bin lulk oer de leechstân yn harren winkelsintrum. Mei posters en in hantekeningaksje fiere se no aksje tsjin de leechstân yn de winkelpânen. Sûnt de iepening fan it winkelsintrum yn 2009 hat de ferhierder no al te krijen mei leechstân.

Buertbewenners fine dat de ferhierder de gebouwen oant it momint dat der in nije hierder fûn is, beskiber stelle moat foar buertaktiviteiten. Ek soe de hier fan de romten omleech moatte, sa seit Sue Edwards fan it wykpanel yn de Frijheidswyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)