Aksje foar mear staasjejild

28 feb 2012 - 07:23
  • Miljeustrjitte Koudum

De Stichting Ons Statiegeld fiert oare wike aksje yn Fryslân foar de ynfiering fan staasjejild op lytse plestik fleskes. Omdat dêr no gjin staasjejild op sit, ferdwynt in grut part fan dy fleskes nei gebrûk yn de natuer, seit de stifting.

Dy komt oare wike mei in bus nei Fryslân en docht dêr de alve stêden oan om hantekens yn te sammeljen. De miljeuwethâlders fan de ferskate gemeenten ûndertekenje dan it Staasjejildmanifest. De toer begjint yn Snits. Yn Ljouwert is sneon 10 maart in aksje om safolle mooglik plestik fleskes yn te sammeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)