Brân Harns rap ûnder kontrôle

24 okt 2014 - 15:22

De brânwacht fan Harns moast freedtemiddei yn aksje komme foar in wenningbrân yn de Dokstrjitte yn Harns. Op de boppeste ferdjipping wie troch noch ûnbekende oarsaak in brân ûntstien. De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle, mar de wenning rûn wol reek- en wetterskea op.

Stichting Salvage wurdt ynsetten om de skea te bepalen en te ferhelpen. Der wie net ien thús doe't de brân ûntstie.

Trefwurden: 
Harns brân brânwacht Salvage
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)