"Let op froulju 11stêdetocht"

24 okt 2014 - 14:22
  • Alvestêdekrúske

Mocht der wer in Alvestêdetocht komme, dan moat de organisaasje goed sjen nei de froulike dielnimmers. Noch net alles is goed regele foar froulju, sa seit skriuwer Mark Hilberts. Neffens Hilberts krije froulju ûnderweis net genôch ynformaasje om te witten oft se noch binnen de tiid ride. Ek is de priisútrikking noch net goed regele.

Hilberts hat in boek skreaun oer froulju dy't meidien hawwe oan in Alvestêdetocht. It boek wurdt heal novimber presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)