Tûzenste poppe yn Tjongerskâns

24 okt 2014 - 13:42

Yn sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean is tongersdei de tûzenste lytse poppe fan 2014 berne. Alina Alieva en Stas Romanov waarden de lokkige âlden fan harren soan Alessio Romanov.

Gewoanwei wurdt pas oan de ein fan it jier de tûzenste poppe yn it Feanster sikehûs berne. Dat dizze mylpeal no al helle is, hat te krijen mei de sluting fan de kreamôfdieling fan it sikehûs yn Meppel. Dêrtroch befalle mear froulju op It Hearrenfean. De direksje ferwachtet dat der dit jier sa'n 15 prosint mear froulju yn De Tjongerskâns befalle sille.

Sikehûs De Tjongerskâns hat sels in soad ynvestearre yn it ynrjochtsjen fan in berne-ôfdieling en yn it oplieden fan harren meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)