Jonges stelle boat yn Eanjum

© ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed twa jonges oppakt foar de stellerij fan in boat yn de haven fan Eanjum. In jonge fan 17 jier út Utrecht en in 18-jierrige jonge út Zaltbommel hienen de boat sûnder tastimming fan de eigener meinommen en gongen te farren yn de haven oan de Noarderskâns. Omstanners warskôgen de plysje.
De plysje hat it twatal nei de wal te brocht en arrestearre. De 17-jierrige jonge bestjoerde de boat, hy wie ûnder ynfloed fan alkohol.