Grutte ferkearskontrôle Snits

24 okt 2014 - 09:59

De plysje hat tongersdei acht auto's yn beslach nommen en goed fjirtjintûzen euro oan belestingskulden ophelle by in grutte ferkearskontrôle yn Snits. Mei-inoar waarden hast 6600 auto's kontrolearre. Dêrfan binne 38 automobilisten oan de kant setten. Acht bestjoerders koenen de iepensteande skuld net betelje. Harren auto's binne dêrom yn beslach nommen.

Ek skreau de plysje noch fiif boetes út foar lytse oertredings. De kontrôle wie in gearwurking fan de plysje mei de Belestingtsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)