Smokersplak ûnder rút Ekhart

It sit wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert net mei. Hy docht mei oan de aksje Stoptober, de ynternasjonale kampanje om fan it smoken ôf te kommen. Mar Ekhart krige útrekkene dizze wike in smokersplak deun ûnder it rút fan syn kantoar.
De parasol by it smokersplak dêr't de smokers ûnder stean is fan it Oranje Bierhûs. It kafee hat it smokersplak dêr delsetten om't steatssekretaris Van Rijn earder dizze wike bekend makke dat der yn alle kafees net mear smookt wurde mei. Wethâlder Ekhart nimt it lykwols sportyf op.