Deadlik ûngelok trein Ljouwert

23 okt 2014 - 20:30

Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins moatte tongersdeitejûn rekken hâlde mei fertraging. It treinferkear leit stil nei in deadlike oanriding mei in persoan op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert. Ferfierder Arriva set bussen yn tusken Ljouwert en Hurdegaryp. It ûngelok barde tusken twa spoaroergongen yn. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)