Feilichheidssintrum iepene

23 okt 2014 - 17:08

Wethâlder Maria le Roy fan de gemeente Harns hat yn de nije yndustryhaven fan Harns tongersdei in feilichheidssintrum iepene. De hiele middei wienen der by it sintrum allegear demonstraasjes, dy't mei brân te krijen hawwe. Sa mochten minsken sels in lytse brân blusse.

Fan tongersdei ôf sil Kros BV trainings jaan yn it nije sintrum. It bedriuw jout in soad feilichheidsoefeningen, lykas BHV, EHBO en maritime trainings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)