Undersyksskip sinkt yn Harns

23 okt 2014 - 16:16

It skip dat woansdei troch de stoarm yn de haven fan Harns sonk, is in bysûnder ûndersyksskip fan it Urker bedriuw Braveheart Shipping. Mei it skip de Spirit bringt it bedriuw de boaiem fan de Waadsee yn kaart. De spesjalistyske apparatuer wêrmei't dat dien wurdt, is troch it sâlte wetter hielendal fernield en moat ferfongen wurde.

De skea moat noch opnaam wurde, mar kin oprinne oant mear as in miljoen euro. It bedriuw set nije wike in oar skip yn, sadat it wurk trochgean kin. Yn de tuskentiid wurdt de Spirit opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)