Fernijd Frittemahof iepene

It folslein fernijde fersoargingshûs Frittemahof yn Snits is tongersdeitemiddei feestlik iepene. It gebou krige 54 nije oanleunwennings en 68 soarchapparteminten. Ek is it restaurant fernijd en is der yn it stik nijbou in winkeltsje en in kapsalon. De bewenners ferhuzen yn maart al nei it fernijde gebou. No't alles klear is, kin de offisjele iepening plakfine.
De nijbou fan Frittemahof is in projekt fan Wenningstichting De Wieren út Snits, yn gearwurking mei soarchgroep Tellens, dy't de âldereinsoarch oan de bewenners ferlient.