Bou fan De Lawei wer oppakt

De bou fan De Lawei yn Drachten is tongersdei wer oppakt. Boubedriuw Talsma út Drachten is tongersdeitemoarn útein set mei wurksumheden yn en rûnom de grutte seal. Yn oerlis mei de oarspronklike bouwer, boubedriuw Van Norel, is dizze romte frijjûn sadat hjir fierder wurke wurde kin. Sa hopet De Lawei dat de grutte seal en de ûntfangstromte sa gau as mooglik wer brûkt wurde kinne foar foarstellings.
Dijkstra-Draisma en Koopmans-Friso binne yn in ûnderhânske oanbestegingsproseduere noch yn de race foar it útfieren fan de oare wurksumheden.