Bibel foar manlju én froulju

23 okt 2014 - 14:30

Utjouwerij Royal Jongbloed fan It Hearrenfean komt mei in aparte bibel foar manlju én ien foar froulju. It giet om twa nije útjeften fan de 'Herziene Statenvertaling'. Neffens útjouwer Hans van der Kamp is der hieltyd mear fraach nei in bibel dy't rjochte is op in aparte doelgroep.

Njonken de besteande teksten yn de bibel sille spesjale kanttekenings taheakke wurde om de bibel ynteressant te meitsjen foar manlju of foar froulju. De útjouwer hat 70 minsken ynskeakele om de spesjale edysjes te meitsjen. Takom jier moatte de bibels klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)