Famylje: wol saak dug-outdrama

23 okt 2014 - 13:36

De famylje fan it 10-jierrige famke dat yn maaie omkaam is by it ynstoarten fan in dug-out yn Twizel spant in artikel 12-proseduere oan by it gerjochtshôf. De famylje wol sa berikke dat der wol ferfolging komt yn de saak.

Woansdei makke it Iepenbier Ministearje bekend net ta ferfolging fan de gemeente Achtkarspelen en de fuotbalklup fan Twizel oer te gean. Neffens it ministearje is der net genôch bewiis te finen om in skuldige oan te wizen. De famylje hopet mei de saak ek dúdlik te krijen wat der krekt misgong is mei de dug-out.

Earder levere de advokaat fan de famylje krityk op de gemeente, omdat dy har net genôch ynformaasje jaan soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)