Auto rekke troch earm kraan

23 okt 2014 - 11:10

Op de Haadwei yn De Falom is tongersdeitemoarn in auto rekke troch de earm fan in kraan. Hoe't dat barre koe, is net bekend. Wol is dúdlik dat de kraan út tsjinoerstelde rjochting kaam. De frou dy't yn de auto siet, is op it plak sels kontrolearre troch ambulânsepersoniel. Dy konstatearren dat se net ferwûne rekke is.

De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)