Fokferienings sykje nij bloed

23 okt 2014 - 08:12

De plomfee- en kninefokkersferiengs yn Fryslân ha grut ferlet fan jonge leden, wol har fuortbestean gjin gefaar rinne. Ek PKV Jobbegea, dy't 60 jier bestiet, hat bot lêst fan fergrizing. Fan de santich leden binne der mar fjouwer jonger as 25 jier.

De PKV wol no mei in spesjale jubileumeksposysje benammen de jongerein oansprekke. Op de eksposysje yn de Kompenije yn Jobbegea binne oant en mei sneon rom 400 kninen, kavia's, hinnen en hoannen te sjen. Ynkoarten sille mear ferienings aksjes opsette om benammen jonge leden oan te lûken.

De eksposysje yn de Kompenije yn Jobbegea begjint tongersdei en duorret oant en mei sneon. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan PKV Jobbegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)