Earste websiden op .frl

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Besikers fan de webside fan Omrop Fryslân kinne fan desimber ôf dy webside ek fine troch .frl yn te typen yn stee fan .nl. De omrop is mei de provinsje en de bedriuwen Weidenaar en Regts as earste útkeazen út 1500 oanmeldings foar de ekstinsje.
By de seleksje is ûnder oare sjoen nei it tal besikers fan in webside. Yn juny fan dit jier kaam de ekstinsje .frl beskikber. Doel is dat der meikoarten hûndert bedriuwen en ynstellings gebrûk fan meitsje. Sy moatte in foarbyld foarmje foar oaren.