Gjin ferfolging dug-out drama

It Iepenbier Ministearje (IM) stelt gjin ferfolging yn tsjin de gemeente Achtkarspelen of fuotbalferiening SC Twijzel foar it dug-out drama fan ôfrûne maaitiid. In 10-jierrich famke kaam om it libben doe't de dug-out dêr't se op siet, ynstoarte. Fiif oare bern rekken ferwûne.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de dug-out ynstoarten is troch eardere stoarmskea. Sawol de gemeente as de fuotbalklub wienen op de hichte fan de skea. Dochs sjocht it IM gjin stafbere feiten. Ek is ferfolging maatskiplik net winsklik neffens it IM.
Earder hat de gemeente al wol in skeafergoeding betelle oan de âlden fan it deadlike slachtoffer. De gemeente Achtkarspelen lit fierder yn in reaksje witte dat sy harren ferantwurdlikhied rjochting neibesteanden, de oare famyljes en de skoallen nimmen bliuwe. Foar safier der ferlet oan is, bliuwt de gemeente harren stypjen. Boppedat sil de gemeente der mei de sportferienings alles oan dwaan om foar te kommen dat soks nochris bart.