Twa jonge otters rêden

22 okt 2014 - 21:24
  • De lytse otters binne opfong by De Fûgelhelling yn Oerterp
  • It deade otterwyfke
  • De otters kinne feilich oansterkje yn De Fûgelhelling

Mei in soad gelok en in ymprovisearre otterfal binne woansdei twa jonge otters fan de hongerdea rêden. Dat barde tichtby natoergebiet de Rottige Meente troch twa wetterskipmeiwurkers. Harrie Bosma fan Wetterskip Fryslân krige in melding dat der in otter deariden wie. Al gau wie dúdlik dat it om in wyfke gie dat noch jongen ha moast.

Dy twa jongen binne úteinlik fûn yn in dûker en der út helle. Sy binne nei de Fûgelhelling yn Oerterp brocht, want allinnich soene se it net rêde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)