Tûzen kraanfûgels foar DFM

22 okt 2014 - 20:16
  • De kraanfûgels

De wrâldwinkels fan Balk, De Jouwer en De Lemmer hawwe tongersdeitejûn tûzen papieren kraanfûgels oerlange oan de gemeente De Fryske Marren. Doel fan de aksje is it gemeentebestjoer te stypjen om in Fairtrade-gemeente te wurden.

In kraanfûgel stiet neffens de inisjatyfnimmers symboal foar gelok. De tûzen kraanfûgels binne it summum fan gelok. De meiwurkers fan de trije wrâldwinkels winskje de gemeente Fryske Marren in soad gelok en wiisheid ta by it wurden fan in Fairtrade-gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)