Soad skea troch leadstellerij

© Omrop Fryslân, Abe Visser
Iepenbiere basisskoalle 'De Gielguorde' yn Mantgum hat grutte wetterskea oprûn troch leadstellerij. Dieven hawwe yn de hjerstfakânsje sa'n 60 meter lead fan it dak fan de skoalle oan de Master Jansenstrjitte ôfhelle. Om't de skoalle ticht wie yn de fakânsje, waard de dieverij pas folle letter ûntdutsen.
Der wie sprake fan in grutte wetterlekkaazje yn de skoalle. De skea is dan ek grut. De plysje siket tsjûgen fan de stellerij.