Rûnwei Lemmer wurdt opknapt

22 okt 2014 - 17:21
  • Ynwenners fan De Lemmer lieten har miening earder al witte by in ynsprekjûn

De besteande rûnwei fan De Lemmer wurdt definityf opknapt. Provinsjale Steaten hawwe woansdei in beslút nommen oer dy dyk. Der is jierrenlang praat oer hoe't de ferkearsproblemen oanpakt wurde moatte. Gemeente De Fryske Marren woe graach in akwadukt ûnder de Sylroede troch. De provinsje fynt de komst fan in akwadukt net nedich, omdat der gemiddeld mar 25 kear yn 't jier ferkearsproblemen op de Lemster rûnwei binne.

It opknappen fan de dyk kostet 13 miljoen euro. Der komme ekstra rydstroken en de ferkearsljochten wurde op elkoar ôfstimd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)