Bouma-fertochte langer fêst

27 feb 2012 - 16:10

De frou út Frjentsjer dy't feroardield is foar de moard op Pietsje Bouma wurdt net frijlitten út foarlopige hechtenis. Dat hat it Iepenbier Ministearje bepaald. De advokaat fan de frou hie it fersyk dien. Hy woe ekstra ûndersyk nei it bloed fan de fertochte dat yn de flat fan frou Bouma fûn waard en hy woe in ekstra tsjûge hearre. Dy twa saken hat it Iepenbier Ministearje ôfwiisd. Mooglik dat it gerjochtshôf tiisdei noch oars beslút op de fersiken.

De frou út Frjentsjer waard feroardiele ta tolve jier sel, mar se gie yn heger berop.

Se wachtet no yn foarlopige hechtenis op de ôfhanneling fan dat berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)