Minder garnalefiskers op Waad

22 okt 2014 - 12:27
  • Garnalefiskers kinne fan moandei ôf wer salang fiskje as se wolle

Op de Waadsee sil minder yntinsyf fiske wurde nei garnalen. Dat binne de fiskers mei natuerorganisaasjes en oerheden oerien kaam. In diel fan de Waadsee wurdt foar dy fiskers ferbean gebiet.

Om foar te kommen dat de hast 90 fiskers allegear op de oerbleaune gebieten dûke en dy leechfiskje, wurdt in part fan de fiskers útkocht. Dat bart op frijwillige basis. Ek sille de fiskers har skippen natuerfreonliker meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)