Steaten: koartsje Omrop minder

22 okt 2014 - 11:35

De 17 miljoen euro dy't it Ryk mei yngong fan 2017 besunigje wol op alle regionale omroppen yn Nederlân, moat net 'evenredig' tapast wurde op Omrop Fryslân. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten woansdei. Omrop Fryslân is de iennichste regionale omrop dy't yn it Frysk útstjoert en moat dêrtroch in bredere programmearring ha.

Dêr heart ek Frysktalich 'entertainment' by en net allinne ynformaasje- en kultuerprogramma's, sa't steatssiktaris Sander Dekker hawwe wol.

Deputearre Steaten sil in brief oan de steatssekretaris stjoere. Dêryn freget de provinsje dat de koarting fan Omrop Fryslân minder wêze moat as dy fan oare regionale omroppen. De FNP is teloarsteld dat de steatssekretaris yn syn mediabrief gjin oandacht jout oan it Frysk. Neffens deputearre Jannewietske de Vries hat dat gjin gefolgen foar de koartings op Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)