Gjin grutte problemen stoarm

22 okt 2014 - 10:12
  • De ferlerne bak mei stien
  • Ferlerne kontainers fan ‘Grande Francia’
  • Ferlerne pakketten hout fan skip Ernst Hagedorn
  • Omwaaide beam yn Ljouwert

De stoarm en hurde wyn ha net foar grutte problemen soarge. Wol hat de brânwacht in lytse tsien meldings fan stoarm- of wetterskea krigen, lykas omwaaide beammen.

It skip 'Ernst Hagendorn' hat tiisdeitenacht op de Noardsee boppe Skylge sa'n sechtich pakketten hout ferlern. De Kustwacht besjocht woansdeitemoarn mei in fleantúch oft it hout ek in gefaar foarmet. Dan wurdt ek besjoen wêr't de seis konteners binne, dy't ek boppe Skylge fan it skip 'Grande Fracia' slein binne. Ien driuwt yn de rjochting Dútslân.

Wat der yn de konteners sit is net bekend. Mar neffens de kapitein soe it net gean om gefaarlike stoffen. De Kustwacht hat it fierder drok mei in bak mei 15.000 ton stien, dy't boppe Den Helder losrekke is fan in sleepboat.

De wyn jout him de kommende oeren del. It hege wetter nimt wer ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)