Boek oer Alvestêderydsters

Boek oer Alvestêderydsters
Yn it reedrydmuseum yn Hylpen wurdt heal novimber in boek presintearre oer froulju dy't meidien hawwe oan de Alvestêdetocht. Skriuwer Mark Hilberts hat in oantal froulju befrege oer de tocht. It giet ûnder oare om Wobkje Kooistra út Ljouwert, dy't de tocht yn 1941 ried. Ek Klasina Seinstra út Lúkswâld komt oan it wurd, sy wie de earste frou yn 1997. Alle froulju dy't de tocht yn 1985, 1986 en 1997 helle hawwe, binne útnoege foar de boekpresintaasje.