Aksjesintrum wetterskip iepen

22 okt 2014 - 07:35

It Wetterskip Fryslân hat woansdeitemoarn op it haadkantoar yn Ljouwert in aksjesintrum ynrjochte om de noardwesterstoarm yn 'e gaten te hâlden. Dy treft benammen it Waadgebiet. Lâns de kust sels is dykbewaking ynsteld, dat betsjut dat meiwurkers fan it wetterskip rûnride om de sitewaasje yn 'e gaten te hâlden. Tusken Harns en Surch hawwe dy meiwurkers yntusken in stielen boei fûn, dy't fanút see de dyk opwaaid is. Oare problemen binne der noch net.

It wetterskip hat de kûpuere by Harns ticht dien. Dat is in standertproseduere, as der in wetterstân fan trije meter boppe NAP ferwachte wurdt. Dy hichte is by Harns yntusken helle, it liket derop dat it wetter dêr noch tritich sintimeter heger komt. Mooglik strûpt de Willemskade dan ûnder wetter. Dat selde soe ek mei it Noarderleech by Ferwert barre kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)