10-tûzen besikers foar dino's

21 okt 2014 - 18:43

De eksposysje 'Jurassic Leeuwarden 3: It's T-rex Time!' yn it natuermuseum hat al tsientûzen besikers lutsen. Tiisdei waard de 4-jierrige Eline Prins út Voorschoten wolkom hiten as 10-tûzenste besiker. De tentoanstelling is sûnt 11 oktober te sjen. Yn it earste wykein wie it noch rêstich, mar yn de hjerstfakânsje kamen der in soad dino-fans op de dino's ôf. Der wiene somtiden wol 1500 besikers op in dei.

'It's T-rex Time!' is noch oant 16 novimber te sjen. It libben fan de Tyrannosaurus Rex stiet sintraal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)